Baukje Aalbers suksesfol op de KNKB

Foar in protte minsken is it fâkansje om dizze tiid hinne. Sa ek foar de ferslachjouwers fan de Jacob Klaver side. Mar der wurdt ek yn dizze fakânsje tiid omraak keatst troch de Mantgummer froulju op de KNKB. Sa giet it foar de wyn mei Baukje Aalbers. Baukje stie op 15 juli yn de finale yn Wommels. Yn die finale wûn se mei har maten Magriet Koelmans en Brecht Gebrandy de earste priis troch it petoer fan Femke Akke Dijkstra, Froukje de Vries en Willy van der Ende te ferslaan. Op 28 juli wie it wer raak foar Baukje. Dizze kear wûn se de krâns op it smûke fjild fan Húns. Yn in spannende finale wist se mei alles oan de hang de partij te winnen. Se die dit mei har maten Magrietha Goodijk en Annefrouke Dijkstra troch fier boppe te slaan.

De folgjende dames senioaren partij wie yn Jirnsum. Ek dizze kear wie it Baukje dy’t de priis mei nei Mantgum ta naam. Yn de finale bliuwn it petoer fan Femke Akke Dijkstra, Hermanna Miedema en Miranda Scheffer op in spul stean. Fierders wie d’r yn Dongjum in twadde priis op de ôfdielingswedstriid famkes foar Mantgum. Nei it geweldige sukses op it NK wisten Ilse en Elaine no mei Baukje yn stee fan Thalia, de twadde priis te pakken. Dizze kear wie Boalsert te sterk yn in iensiedige finale. Ilse Noorman wist juster de tredde priis binnen te slepen op de útnoadigingspartij yn Reduzum. Sy die dit mei har maten Wiljo Sybrandij en Marije van der Meer. Is er dan hielendal gjin nijs oer Afke Kuipers. Ja seker wol, de Mantgummer troef aanst op de froulju’s PC wûn freed yn Menaam de tredde priis op de haadklasse mei Imke van der Leest en Miranda Scheffer. Yn in spannende striid om de tredde priis wist Afke op 5 om’e 4 en 6 gelyk it beslissende punt binnen te heljen. Woansdei oer in wike op 22 augustus is de froulju’s PC. Dêr sil Afke mei har maten sjen as we dit jier in tredde PC priis nei Mantgum ta helje kinne. Fansels rekkenje we op hiel wat Mantgummers yn Weidum om Afke oan te moedigjen. In tredde PC priis binnen helje???? Ja wij hienen jim earder al op de hichte brocht fan it keningskip fan Lieuwe op de boere PC. Yn Winsum wûn Mantgum 1 de pelote PC. Mantgum dy’t keatsten mei Johannes de Jong, Sjirk G. de Groot, Wilco Fopma, Anton van der Kooi en Skelte Anema. De finale waard spile tsjin de organisearende spilers fan de pelote PC fan Winsum. Dizze min waar finale waard troch Mantgum mei 8-2 wûn. De dames peloteurs wisten de earste priis yn de ferliezers ronde binnen te heljen. Foar in impressie fan dizze dei kinne jim “surfe”nei www.peloten.nl. Priiswinners fan herte lokwinske mei de behelle suksessen. Troch boppesteande resultaten wurde wy as keatsferiening Jacob Klaver positief op de kaart setten. Mochten wy noch útslagen fergetten hawwe mail dizze dan nei info@jacobklaver.nl Prizen dy’t behelle wurde wolle wy graach fan jim troch krije, sadat dizze in plakje krije op www.jacobklaver.nl Jelle Anema

Geplaatst op 19 August 2007